Wolkom
op ‘e webside fan
Van der Sluis, Van
der Zee & Kalmijn Advokaten
Van
der Sluis, Van der Zee & Kalmijn Advokaten is
in foar Fryske begripen middelgrut advokatekantoar. It sit
tichtby de binnenstêd fan Ljouwert oan ‘e Willemskade
7. It kantoar is breed oriïntearre op it mêd
fan juridyske tsjinstferliening, op it kantoar wurkje op
it heden sân advokaten.
Ús
kantoar leit him ta op ‘e juridyske advys-, proses-,
ynkasso- en fallissemintspraktyk, sawol foar it bedriuwslibben
as foar partikulieren.
Wy
ha as spesjalismen ûnder mear ûndernimmingsrjocht,
arbeidsrjocht, fallissemintsrjocht, bourjocht, oerienkomsterjocht,
hierrjocht, bestjoersrjocht en persoane- en famyljerjocht.
Foarútstribjend,
ûndernimmend en rjochte op resultaat. Dat binne jo
sels, dus dat ferwachtsje jo ek fan jo advokaat. Jo advokaat
moat fleksibel meitinke kinne mei as doel it foarkommen
en oplossen fan alle juridyske problemen dy’t jo alle
dagen tsjinkomme. Sa goed, fluch en betelber mooglik. Dus
in skikking as it kin en in proseduere as it moat.

It
kantoarpân fan "van der Sluis, van der Zee & Kalmijn
Advocaten" (Willemskade)